Tur audio

Tur audio Feanwâlden op it âlde spoar

cod QR

10 obiective turistice

  1. Sumar tur audio
  2. Sumar tur audio

    (LET OP: begjin mei it ôfspyljen/lêzen fan ûndersteande tekst)

    Jimme kinne skiednis út boeken, films en games. Út ferhalen fan jimme master of juf, fan jimme heit en mem of pakes en beppes. Mar wat ik jimme no sjen litte wol, sit der in bytsje tuskenyn: Ik wol jimme it Feanwâlden fan 150 jier lyn sjen litte, út de tiid fan de pake fan dyn pake en de beppe fan dyn beppe. Dy minsken kinsto net sa goed, mar se binne wol famylje. Se binne dyn betoerpake of betoerbeppe.

     Yn harren tiid wie Feanwâlden net sa maklik berikber as hjoed de dei. Der wiene mar trije paden dy’t nei Feanwâlden giene en dat wiene allegearre sânpaden, of  - as it bot reint hie – modderpaden.
    Dat sjitte fansels net op, foaral net asto noch allegearre guod mei nimme wolste. Reizgjen duorre dus folle langer en ferhúzjen gie foar de minsken folle dreger en langsamer as hjoed de dei.

     Oan de noord- en westkant fan it doarp wie wetter en moeras. Dy kant út koest dus rinnend net fjirder. Allinnich mar mei lytse boatsjes.
    Eins lei it doarp dus oan de râne fan de bewenne wrâld.
    Der wennen foaral earme minsken yn Feanwâlden. It doarp wie net grut en hiele moaie grutte gebouwen wienen der net.

    Of dochs wol …..
    Feanwâlden hie ien opfallend gebou. Rin mar eefkes nei punt 1 op jimme route, sadat jimme it goed sjen kinne.

  3. 1 Foar de poarte fan de Skierstins
  4. 2 Foar de yngong fan it tsjerkhôf
  5. 3 Begjin fan’e haven
  6. 4 Achterwei
  7. 5 Foarpaad
  8. 6 Stasjon en spoar
  9. 7 Transferium
  10. 8 Stinswei
  11. 9 Patrimonium
  12. 10 Einpunt
  1. Sumar tur audio

    (LET OP: begjin mei it ôfspyljen/lêzen fan ûndersteande tekst)

    Jimme kinne skiednis út boeken, films en games. Út ferhalen fan jimme master of juf, fan jimme heit en mem of pakes en beppes. Mar wat ik jimme no sjen litte wol, sit der in bytsje tuskenyn: Ik wol jimme it Feanwâlden fan 150 jier lyn sjen litte, út de tiid fan de pake fan dyn pake en de beppe fan dyn beppe. Dy minsken kinsto net sa goed, mar se binne wol famylje. Se binne dyn betoerpake of betoerbeppe.

     Yn harren tiid wie Feanwâlden net sa maklik berikber as hjoed de dei. Der wiene mar trije paden dy’t nei Feanwâlden giene en dat wiene allegearre sânpaden, of  - as it bot reint hie – modderpaden.
    Dat sjitte fansels net op, foaral net asto noch allegearre guod mei nimme wolste. Reizgjen duorre dus folle langer en ferhúzjen gie foar de minsken folle dreger en langsamer as hjoed de dei.

     Oan de noord- en westkant fan it doarp wie wetter en moeras. Dy kant út koest dus rinnend net fjirder. Allinnich mar mei lytse boatsjes.
    Eins lei it doarp dus oan de râne fan de bewenne wrâld.
    Der wennen foaral earme minsken yn Feanwâlden. It doarp wie net grut en hiele moaie grutte gebouwen wienen der net.

    Of dochs wol …..
    Feanwâlden hie ien opfallend gebou. Rin mar eefkes nei punt 1 op jimme route, sadat jimme it goed sjen kinne.

Recenzii

5 recenzii

Descărcați aplicația gratuită izi.TRAVEL

izi.TRAVEL app on iOS and Android

Creați-vă propriile tururi audio!

Folosirea sistemului şi a aplicaţiei ghid mobile este gratuită

Create a guide

izi.TRAVEL CMS for creating audio tours